Springe nei ynhâld

Yndia

Ut Wikipedy
Republyk Yndia
भारत गणराज्य
Bhārat Gaṇarājya
Republic of India
Flagge fan Yndia Wapen fan Yndia
Biedwurd: Satyameva Jayate
"(Allinne de wierheid oerwint)"
Folksliet: Jana Gana Mana
Image
HaadstêdNew Delhi
Offisjele taalHindy
Ingelsk
SteatsfoarmFederale republyk
- presidintDroupadi Murmu
- regearliederNarendra Modi
Unôfhinklikheid15 augustus 1947 (fan it Feriene Keninkryk)
26 jannewaris 1950 (republyk wurden)
Oerflak3.287.263 km²
- lân2.973.193 km²
- wetter314.070 km²
Ynwennertal1.210.193.422 (2011)
1.470.000.000 (rûzing 2026)[1]
Befolkingstichtens481 ynw./km²
MuntienheidYndiaaske rûpy (INR)
TiidsôneUTC +5:30 (UTC+5:30)
- simmertiidgjin
Nasjonale feestdei26 jannewaris (Dei fan de Republyk)
15 augustus (Unôfhinklikheidsdei)
2 oktober (Gandhi Jayanti)
Ynternetdomein.in
Telefoan+91
ISO 3166IN, IND, 356
1. Njonken Hindy en Ingelsk erkent de grûnwet noch 22 oare regionale talen.
2. Yndia hat sûnt 2023 Sina ynhelle as it lân mei de measte ynwenners op 'e wrâld.

Yndia is in lân yn Súd-Aazje, oan de Yndyske Oseaan. De haadstêd is New Delhi en de presidint fan de republyk is sûnt 2022 Droupadi Murmu.

Yndia wurdt begrinzge troch:

Image
De berch Kanchenjunga.

Yndia is in subkontinint en it suden, dat omsletten wurdt troch de Arabyske See yn it westen, de Baai fan Bengalen yn it easten en de Yndyske Oseaan yn it suden, in skiereilân. Lânskiplik kin it yn trije parten opdield wurde:

It noarden fan it lân leit yn 'e Himalaya en syn útrinners Pamir en Karakoram en is dêrtroch tige bercheftich. De Kanchenjunga mei 8.598 meter is it heechste punt.

Fierder nei it suden lizze de grutte flakten. Hjir rinne ek de grutte rivieren, de Ganges en de Brahmaputra, dy't útkomme yn 'e noardein fan de Baai fan Bengalen. Troch dizze rivieren is it gebiet tige fruchtber.

Yn it westen leit de Tharwoastyn en yn it suden leit in grut plato, it Dekan. Dat plato leit tusken de Baai fan Bingalen en de Arabyske See. Oan beide kanten wurdt it plato begrinzge troch berchrigen, de westlike en eastlike Ghats.

Image
Moessonloften by Nalban, Kolkata.

Yndia hat troch syn grutte in ferskaat oan klimaatsônes, fariërjend fan in tropysk klimaat yn it suden oant in tuskenbeide klimaat yn it noarden. It grutste part fan it lân hat in moessonklimaat mei trije seizoenen: it koele seizoen fan oktober oant febrewaris, it hjitte seizoen fan maart oant juny en it reinseizoen fan healwei juny oant septimber.

De stêd Delhi hat alle jierren in trochsnit delslach fan likernôch 640 mm. De súdwestlike kust en it noardeasten fan it lân ha folle mear delslach. Yn Darjeeling, yn it noardeasten tsjin Nepal oan, kin de delslach oant 3040 mm oprinne, wylst yn 'e Tharwoastyn yn it noardwesten net mear as 50 mm yn it jier falt. It sintrale Deccan-plato is relatyf drûch.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e noardlike dellingen groeie foaral bosken, wylst der yn it noardeasten in soad bamboebosk foarkomt. It noardwesten bestiet fral út steppe en woastyn. Op it sintrale plato yn it suden bestiet de begroeiïng benammen út drûge leafbosken en savanne-eftige lânskippen, dy't oan 'e súdwestkust oergeane yn tropysk reinwâld fan 'e Westlike Ghats.

Op it stuit hat Yndia 107 offisjele nasjonale parken, dy't meiïnoar likernôch 44.400 km² grut binne. It oantal nasjonale parken groeit stadichoan. Dêrnjonken binne der ek noch hûnderten wyldparken, dy't in wat minder strange beskermingsstatus ha. In pear bekende parken binne:

Yndia is in federale republyk, ferdield yn 28 dielsteaten en 8 uny-territoaria. Dit systeem is fêstlein yn 'e grûnwet fan 1950. De ferdieling is troch de jierren hinne faak feroare, foaral yn 1956, doe't de steaten op basis fan taalgrinzen op 'e nij yndield waarden.

Image
Lokaasje dielsteaten.

In dielsteat yn Yndia hat in grutte mjitte fan selsbestjoer. Eltse dielsteat hat in eigen keazen parlemint en in eigen regear, laat troch in Chief Minister (haadminister). De presidint fan Yndia stelt foar eltse steat in gûverneur oan as formeel haad, al is dy rol benammen seremonieel. De steaten binne sels ferantwurdlik foar saken lykas plysje, ûnderwiis, lânbou en folkssûnens. De grutte fan 'e steaten ferskilt: de steat Uttar Pradesh hat mear as 200 miljoen ynwenners, wylst Goa lytser is as de provinsje Fryslân.

Dielsteaten fan Yndia mei ynwennertallen
Dielsteat 2001 2011 %
Noard & Noardeast
Arunachal Pradesh1.097.9681.383.727+26,0%
Assam26.655.52831.205.576+17,1%
Haryana21.144.56425.351.462+19,9%
Himachal Pradesh6.077.9006.864.602+12,9%
Manipoer2.293.8962.855.794+24,5%
Meghalaya2.318.8222.966.889+28,0%
Mizoram888.5731.097.206+23,5%
Nagalân1.990.0361.978.502−0,6%
Pûndjaab24.358.99927.743.338+13,9%
Sikkim540.851610.577+12,9%
Tripoera3.199.2033.673.917+14,8%
Uttarakhand8.489.34910.086.292+18,8%
West & Sintraal
Chhattisgarh20.833.80325.545.198+22,6%
Goä1.347.6681.458.545+8,2%
Gûdjarat50.671.01760.439.692+19,3%
Madhya Pradesh60.348.02372.626.809+20,3%
Maharashtra96.878.627112.374.333+16,0%
Radjastan56.507.18868.548.437+21,3%
East & Súd
Andhra Pradesh76.210.00749.577.103*
Bihar82.998.509104.099.452+25,4%
Jharkhand26.945.82932.988.134+22,4%
Karnataka52.850.56261.095.297+15,6%
Kerala31.841.37433.406.061+4,9%
Orissa36.804.66041.974.218+14,0%
Tamil Nadu62.405.67972.147.030+15,6%
Telangana30.987.27135.193.978+13,6%
Uttar Pradesh166.197.921199.812.341+20,2%
West-Bingalen80.176.19791.276.115+13,8%

Boarne: Folkstelling fan Yndia 2001 & 2011.

  • De sifers foar 2011 binne oanpast oan 'e hjoeddeiske grinzen fan Andhra Pradesh en Telangana (splitsing yn 2014).

De moderne minske kaam om-ende-by 55.000 jier lyn fanút Afrika op it Yndiaaske subkontinent. Harren lange oanwêzigens, foaral yn isolemint as jagers-samlers, hat de regio in tige grut ferskaat brocht. Likernôch 9.000 jier lyn ûntstie der op it subkontinent oan 'e westlike rânen fan it streamgebiet fan 'e Indus fêste bewenning. Stadichoan ûntwikkele dy bewenning him ta de Yndusbesaving fan it tredde milennium f.Kr. Tsjin 1.200 f.Kr. wie in argayske foarm fan it Sanskryt, in Yndo-Europeeske taal, út it noardwesten wei Yndia ynstrûpt. De hymnen dêrfan leine de earste foarmen fan it hindoeïsme yn Yndia fêst. De al besteande Dravidyske talen fan Yndia waarden út de noardlike kriten ferkrongen. Tsjin 400 f.Kr. wie it kastesysteem yn it hindoeïsme ûntstien en kamen it boedisme en jaïnisme op, dy't sosjale klassen los fan erflikheid beskôgen. Iere politike konsolidaasjes laten ta de opgong fan los organisearre riken fan 'e Maurya en de Gupta. Yn dy tiid bloeide de kreativiteit yn keunst, arsjitektuer en literatuer, mar de status fan 'e frou naam ôf en it pariakonsept waard in ûnderdiel fan it leauwen. Yn Súd-Yndia eksportearre de Middelkeninkriken Dravidyske skriften en religieuze kultueren nei de keninkriken fan Súdeast-Aazje.

Image
Timpelkompleks yn Hampi (Karnataka) út de tiid fan it Vijayanagara-ryk.

Yn it earste milennium fêstigen it joadedom, it kristendom, de islam en it soroästrisme har oan 'e súdlike en westlike kusten fan Yndia. Yn 'e iere iuwen fan it twadde milennium oerrompelen islamityske legers út Sintraal-Aazje de noardlike flakten fan Yndia. It Sultanaat fan Delhi dat dêrút ûntstie, luts Noard-Yndia yn 'e kosmopolityske netwurken fan 'e midsiuwske islam. Yn Súd-Yndia soarge it Vijayanagara-ryk foar in langduorjende, gearstalde hindoekultuer. Yn 'e Punjab ûntstie it sikhisme, dat it ynstitúsjonalisearre leauwe ôfwiisde. It Mogolryk liede twa iuwen fan ekonomyske groei en relative frede yn en liet in ryk arsjitektoanysk erfgoed nei.

De stadichoan útwreidzjende macht fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy feroare Yndia yn in koloniale ekonomy, mar konsolidearre ek de soevereiniteit fan it gebiet. It direkte bestjoer fan 'e Britske kroan begûn yn 1858. De rjochten dy't de Yndiaaske befolking tasein wiene, waarden mar stadichoan jûn, mar technologyske feroarings waarden trochfierd en moderne ideeën oer ûnderwiis en it publike libben krigen foet oan 'e grûn.

Image
Mahatma Gandhi.

Yn dizze perioade ûntstie in nasjonalistyske beweging, de earste fan grutte ynfloed yn it net-Europeeske part fan it Britske Ryk. Fan grutte betsjutting wie it geweldleas ferset fan Mahatma Gandhi yn 'e jierren nei 1920, dat in wichtige rol spile by it beëinigjen fan it Britske bestjoer.

Yn 1947 waard it Britsk-Yndyske Ryk ferdield yn twa ûnôfhinklike lannen: Yndia mei in hindoemearderheid en Pakistan mei in moslimmearderheid. Dizze opdieling late ta grutskalich ferlies fan libbens en massale migraasje, mei miljoenen minsken dy't fan kant feroaren of ferdreaun waarden tusken Yndia en Pakistan. It hie grutte sosjale en polityske gefolgen, ynklusyf geweld, ferset en de opbou fan nije befolking-mienskippen oan beide kanten fan 'e grins.

De twa lannen hawwe ferskate konflikten hân, ynklusyf oarloggen oer Kashmir en oare territoariale skelen, dy't yn guon gefallen noch altyd ynfloed hawwe op politike en militêre besluten. Yn 1971 stipe Yndia East-Pakistan (it hjoeddeiske Bangladesj) militêr en humanitêr yn de striid foar ûnôfhinklikens fan Pakistan, wêrtroch Bangladesj ûnôfhinklik waard.

Yn 'e wrâldpolityk nimt Yndia oer it generaal in neutrale posysje yn, benammen tidens de Kâlde Oarloch troch har dielname oan e Non-Aligned Movement. Mei it iepenjen fan 'e Yndiaaaske merk foar ynternasjonale hannel en ynvestear yn 1991 lei it lân de basis foar in rappe ekonomyske groei, ynklusyf útwreiding fan yndustry, tsjinstesektor en technology.

Image
Befolkingstichtens

Oan it begjin fan de 20e iuw hie Yndia neffens in offisjele folkstelling 238.396.000 ynwenners. Yn april 2023 hat Yndia Sina offisjeel ynhelle as it lân met de grutste befolking fan 'e wrâld. De teller stie doe op likernôch 1.425.000 ynwenners. Yndia is hoed-de-dei it tichtstbefolke lân fan 'e wrâld mei in tige jonge befolking, wylst Sina in fergrizende befolking hat.

Religy, taal en it kastesysteem binne wichtige faktoaren foar jins posysje yn 'e Yndiaaske maatskippij. It kastesysteem is fan oarsprong ferbûn mei it hindoeïsme. By oare religys yn Yndia, lykas it kristendom en de islam, makket it formeel gjin ûnderdiel út fan 'e lear. Op it plattelân spilet it systeem faak noch in gruttere rol as yn stêden. De Yndiaaske wet ferbiedt kastediskriminaasje en ûnoantaastberens en hat maatregels ynsteld om efterstelde groepen te beskermjen.

It oandiel fan 'e befolking dat yn stêden wennet nimt stadichoan ta. Neffens in rûzing wenne yn 2024 rûchwei 36,9 % fan 'e befolking yn stêden, wylst de mearderheid fan 'e befolking (likernôch 63 %) noch altiten op it plattelân wennet. Miljoenen minsken ferhûzje fan it plattelân nei stêden. Dy flugge groei fan stedsgebieten bringt sosjale en ynfrastrukturele fraachstikken mei en by guon stêden binne sloppewiken ûntstien.

Etnisiteit en taal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it suden (Súd-Yndia) wenje benammen Dravidjers, dy't oer it generaal in donkerder hûdskleur hawwe, wylst yn it noarden in grut part fan 'e befolking ta de Yndo-Aarjers rekkene wurdt, dy't ornaris in ljochtere hûdskleur hawwe en om-ende-by 3.500 jier lyn yn Yndia arrivearren.

Yn Yndia wurde lokaal in protte ferskate talen praat. De wichtichste taal is Hindy, dy't, lykas it âlde Sanskryt, skreaun wurdt yn it Devanagary-skrift. Hindy is de earste offisjele taal en wurdt brûkt troch de federale oerheid. Ingelsk wurdt ek brûkt troch de federale oerheid om mei steaten dêr't Hindy net de offisjele taal is te kommunisearjen. It is populêr yn it sakelibben, yn regearingssaken en yn net-Hindy sprekkende steaten. Utsein Hindy hat Yndia noch 21 oare offisjele talen. Yn totaal binne der yn it lân rûchwei 392 oare libjende talen.

Yndia stie oan 'e widze fan ferskate religys, wêrûnder it hindoeïsme, boedisme en it sikhisme. Ek de islam hat in wichtige ynfloed hân op 'e Yndiaaske kultuer. Yndia heart, nei Yndoneezje en Pakistan, ta de lannen mei it grutste oantal moslims.

Offisjeel hat it lân gjin steatsgodstsjinst en is it in sekulier lân. Yn ferskate steaten wie der lykwols resint geweld tsjin kristenen, benammen yn Uttar Pradesh en ek yn sintraal‑eastlike steaten lykas Chhattisgarh en Odisha, dêr't talrike oanfallen fan tsjerken, foarfallen fan yntimidaasje en diskriminaasje rapporteare waarden. It geweld wurdt faak oanfitere troch ektreemrjochtse Hindoe-organisaasjes lykas Vishwa Hindu Parishad en Bajrang Dal. Guon steaten hawwe wetten tsjin bekearing, lykas Uttar Pradesh, Chhattisgarh, Madhya Pradesh, Odisha. Dy wetten kinne troch guon groepen brûkt wurde om geweld of yntimidaasje ta te passen, ek al legitimearje dy wetten gjin fisyk geweld.

Religieuze ferdieling yn Yndia (sifers 2001 en 2011)
Religy Oantal (2001) % (2001) Oantal (2011) % (2011) Top 3 steaten/territoaria (2011)
Hindoeïsme827.578.86880,5%966.257.35379,8%Himachal Pradesh, Dadra en Nagar Haveli, Odisha
Islam138.188.24013,4%172.245.15814,2%Laccadiven, Jammu en Kasjmir, Assam
Kristendom24.080.0162,3%27.819.5882,3%Nagaland, Mizoram, Meghalaya
Sikhisme19.215.7301,9%20.833.1161,7%Punjab, Chandigarh, Haryana
Boedisme7.955.2070,8%8.442.9720,7%Sikkim, Arunachal Pradesh, Mizoram
Jaïnisme4.225.0530,4%4.451.7530,4%Maharashtra, Delhi, Gujarat
Oare religys / Net neamd6.639.6260,6%10.823.2320,9%Arunachal Pradesh, Jharkhand, Meghalaya
Totaal1.028.610.328100,0%1.210.854.977100,0%
Boarne: Folkstellingen 2001 en 2011
  • Under de oare religys wurde de oanhingers fan it zoroästrisme, it bahá'í-leauwen en it joadedom rekkene. Neffens rûzing wenje der om-ende-by 5.000 joaden yn Yndia, de measten yn en om Bombay.

Grutste stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 10 grutste stêden fan Yndia (ferliking 2001–2011)
RangStêdDielsteatInwennertal (2001)Inwennertal (2011)Groei (%)
1BombayMaharashtra11.978.45012.442.373+3,9%
2DelhiNasjonale Haadstêd-territoarium9.879.17211.034.555+11,7%
3BangaloreKarnataka4.301.3268.443.675+96,3%
4HyderabadTelangana3.637.4836.731.790+85,1%
5AhmedabadGujarat3.520.0855.577.940+58,5%
6ChennaiTamil Nadu4.343.6454.646.732+7,0%
7KolkataWest-Bengalen4.572.8764.496.694−1,7%
8SuratGujarat2.433.8354.467.797+83,6%
9PuneMaharashtra2.538.4733.124.458+23,1%
10JaipurRajasthan2.322.5753.046.163+31,2%
Boarne: Folkstellingen fan 2001 & 2011.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WorldoMeter, oproppen 5 april 2026; sûnt 2011 is der gjin offisjele folkstelling publisearre. De folkstelling fan 2021 is fanwegen de COVID-epidemy útsteld. It neamde sifer is in rûzing foar healwei 2026 fan 'e WordoMeter, dy't basearre is op algoritmes fan 'e Feriene Naasjes, mar dan trochrekkenre nei de dei fan hjoed.