Spec script
Spec script is in ferkoarte foarm fan it Ingelske speculative script ("spekulatyf senario"). It is in term út 'e filmyndustry en de tillefyzjesektor foar in senario foar in film, tillefyzjefilm, minysearje of in ôflevering út in langere tillefyzjesearje, dat troch in senarioskriuwer op eigen manneboet skreaun wurdt, sûnder dat er dêr opdracht ta krigen hat of (op foarhân) foar betelle wurdt. Men seit dan ek wol dat it senario on spec skreaun is. De normale wurkwize is dat soks útgiet fan in filmstudio of tillefyzjeprodusint, dy't in senarist yn 'e tsjinst nimt om sa'n senario te skriuwen. By in spec script moat de senarioskriuwer, nei't er syn wurk foltôge hat, noch mar sjen om immen te finen oan wa't er it ferkeapje kin. It risiko is fansels dat soks net slagget en dat alle wurk foar neat wie. It komt ek foar dat in spec script net yn it foarste plak makke wurdt mei de bedoeling om it ferfilmje te litten, mar om't in begjinnend senarioskriuwer wat hawwe wol om oan potinsjele wurkjouwers te toanen om syn kapasiteiten te bewizen.
It earste súksesfolle spec script út 'e filmskiednis (yn 'e sin dat it oan in grutte filmstudio yn Hollywood ferkocht waard), wie The Power and the Glory, dat yn 1933 troch Preston Sturges foar $17.500 ferkocht waard oan 'e Fox Film Corporation. Yn 'e 1940-er, 1950-er en 1960-er jierren waard der yn 'e filmyndustry delsjoen op spec scripts. De hearskjende opiny wie doedestiden dat der perfoarst wat mis wêze moast mei in senario as it allinne mar as spec script skreaun wurde koe. Dêr kaam feroaring yn doe't William Goldman syn spec script foar de westernklassiker Butch Cassidy and the Sundance Kid (1969) nei in biedoarloch tusken ferskillende filmstudio's oan 20th Century Fox ferkocht foar $400.000. Hy wûn der yn 1970 de Oscar foar bêste orizjinele senario mei.
Dat in senario skreaun wurdt as in spec script hoecht dus hielendal net te betsjutten dat it ûnderdocht foar oare, yn opdracht skreaune senario's. Ek guon oare films dy't basearre waarden op spec scripts hawwe de Oscar foar bêste orizjinele senario wûn. Foarbylden binne Thelma & Louise, dat troch Callie Khouri yn 1990 foar $500.000 oan Metro-Goldwyn-Mayer ferkocht waard; Good Will Hunting, dat yn 1994 troch Matt Damon en Ben Affleck foar $675.000 oan Miramax Films ferkocht waard; en American Beauty, dat yn 1998 troch Alan Ball foar $250.000 oan DreamWorks Pictures ferkocht waard. De opbringst fan in spec script kin dus foar de senarioskriuwer tige grut wêze, mar it is in bytsje in lotterij: de measten wurde noch ferkocht, noch ferfilme. Boppedat moat der rekken mei holden wurde dat in senarist faak jierren oan in spec script wurke hat foar't hy of sy it wit te ferkeapjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |