WordPress.org

Oer

Etikette

Etikette

Yn it WordPress iepenboarneprojekt beseffe wy dat ús grutste kapitaal de mienskip is dy’t wy opbouwe. It projekt as gehiel folget dizze basis filosofyske prinsipes út The Cathedral and The Bazaar.

  • Bydragen oan it WordPress iepenboarneprojekt binne ta foardiel fan de WordPress-mienskip as gehiel, net fan spesifike bedriuwen of yndividuen. Alle hannelingen as bydrager moatte dien wurde mei it bêste belang fan de mienskip foar eagen.
  • Dielname oan it WordPress iepenboarneprojekt stiet iepen foar elkenien dy’t meidwaan wol, ûnôfhinklik fan fermogen, feardichheden, finansjele situaasje, of hokker oare kritearia dan ek.
  • It WordPress iepenboarneprojekt is in mienskip dy’t troch frijwilligers draaid wurdt. Ek yn gefallen dêr’t bydragers troch bedriuwen sponsore wurde, wurdt dy tiid skonken ta foardiel fan de hiele iepenboarnemienskip.
  • Elk lid fan de mienskip kin syn of har tiid donearje en op elke wize bydrage oan it projekt, ûnder oare mei ûntwerp, koade, dokumintaasje, it bouwen fan de mienskip, ensfh. Foar mear ynformaasje, gean nei make.wordpress.org.
  • De WordPress-iepenboarne-mienskip jout om ferskaat. Wy stribje dernei om in gastfrije omjouwing te hanthavenjen dêr’t elkenien him ynbegrepen fiele kin, troch kommunikaasje frij te hâlden fan diskriminaasje, oantrún ta geweld, it befoarderjen fan haat, en ûngastfrij gedrach.