GNU Iepenbiere Lisinsje
De lisinsje dêr’t de WordPress-software ûnder útbrocht wurdt is de GPLv2 (of letter) fan de Free Software Foundation. In kopy fan de lisinsje is by elke kopy fan WordPress ynbegrepen, mar jo kinne ek de tekst fan de lisinsje hjir lêze.
In part fan dizze lisinsje beskriuwt easken foar ôflaat wurk, lykas plugins of tema’s. Oflaat wurk fan WordPress-koade erft de GPL-lisinsje. Drupal, dat deselde GPL-lisinsje hat as WordPress, hat in treflike side oer lisinsjearring sa’t it fan tapassing is op tema’s en modules (har wurd foar plugins).
Der is wat juridysk griis gebiet oangeande wat as in ôflied wurk beskôge wurdt, mar wy binne der sterk fan oertsjûge dat plugins en tema’s ôfliede wurken binne en dêrom de GPL-lisinsje oernimme. As jo it dêr net mei iens binne, wolle jo miskien ynstee in net-GPL-platfoarm lykas Serendipity (BSD-lisinsje) beskôgje.